[heading style=”1″]EXPO Tattoo museum Amsterdam[/heading]
Wat is de oerienkomst tusken it Fryske Cash projekt, King Kong Records, it Jailbreak Festival, Danny Panadero en Strawelte? Just!! De 37-jierrige grafysk foarmjouwer Wytse Sterk út Ljouwert. Hy is de persoan efter de foarmjouwing foar al dizze bands en organisaasjes. Dêrneist makket hy ek seefdrukken foar Poppoadium Vera út Grins.
En mei dy seefdrukken eksposearret hy oant begjin desimber yn it Tattoo Museum yn Amsterdam. Dat is it museum fan tattoo artyst Henk Schiffmacher.
Douwe Talma socht him op en gie mei Wytse nei Amsterdam.